Monumintefûns yn Harns

12 aug 2011 - 19:47

Nei 10 jier is der yn Harns wer in monumintefûns. Dat is bedoeld foar stekken, pealtsjes, skoarstienbuorden en gevelstientsjes. De gemeente jout dêr 7500 euro foar en de feriening Ald Harns hannelt de oanfragen ôf.

Tusken 1990 en 2000 wie der ek sa'n subsydzjefûns en noch altyd krijt de feriening oanfragen. Per kear wurdt op syn meast 350 euro útkeard. De regeling duorret twa jier, mar de ferwachting is dat de belangstelling sa grut is dat it jild earder op is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)