Monumintedei grut sukses

13 sep 2010 - 06:55

De iepen monumintedei wie dit wykein mei 850.000 besikers in grut sukses. Yn Fryslân hat it evenemint hast 30.000 besikers lutsen. Ljouwert hie mei 3500 minsken it grutste tal besikers.

Der ha 350 gemeenten mei dien. Tema dit jier wie De smaak fan de 19e ieu. Nij wie de iepen monuminteklassedei op de freed foar it wykein. Yn 80 gemeenten geane 14.000 learlingen fan groep 7 en 8 fan de basisskoallen nei alderhanne monuminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)