Monumintebehear foar L'diel

07 jan 2009 - 20:13

Littenseradiel wol de monuminten yn de gemeente better beheare. Dêrom is de stifting 'Monumenten Behoud Littenseradiel' oprjochte mei wethâlder Froukje Hernamdt as foarsitter.

De stifting wurdt eigner fan de njoggen gemeentlike monuminten. Sa kin der in berop dien wurde op subsydzjes. Tal fan frijwilligers soargje op dit stuit foar de monuminten en dat bliuwt sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)