Monumintale pleats Waaksens wurdt ynpakt yn tintedoek

01 sep 2015 - 12:16

Yn Waaksens wurdt tiisdei in monumintale kop-hals-romppleats hielendal yn tintedoek ynpakt. Yn de pleats út 1837 sit houtwjirm. In spesjalisearre bedriuw sil dy mei gas útroegje. Dat is in djoere operaasje en it gas moat in pear dagen sitten bliuwe yn de ynpakte pleats om de houtwjirms en larven dea te krijen.

De bewenster sit salang op in kemping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)