Monumintaal Eysingahûs wurdt yn âlde steat werombrocht

19 mrt 2016 - 12:42
  • It Eysingahûs yn Ljouwert

It Eysingahûs yn Ljouwert wurdt ferboud en werombrocht yn âlde styl. It Eysingahûs wie ien fan de gebouwen dêr't it Fries Museum sûnt 1881 yn siet. It is oernaam troch de Feriening Hendrick de Keyser, dy't monumintale gebouwen beheart en ferhiert.

It Fries Museum hat de âlde stylkeamers hersteld en sil it hûs yn Loadewyk XVI-styl ynrjochtsje. Op de ferdjipping binne fiif apparteminten makke foar de ferhier. It wurdt ynkoarten oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)