Monumint yn Ketlik

04 maaie 2003 - 00:00

Yn Ketlik is sneintejûn in oarlochsmonumint ûntbleate. It monumint is ta betinking fan trije ynwenners fan it doarp dy't yn de Twadde Wrâldoarloch om it libben kommen binne.

In stikmannich minsken hawwe de ôfrûne jierren dwaande west mei it skriuwen fan in boek oer de histoarje fan it doarp. Dêrby is ek de oarloch oan de oarder kommen. It monumint stiet by de klokkestoel oan de Kerkelaan en bestiet út in oantal stiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)