Monumint by Spears

30 jun 2003 - 00:00

'Fallen yn 'e striid foar frijheid en rjocht'. Dat stiet op in monumint dat moandei ûntbleate is yn Spears. De stien is in earbetoan oan de Ingelske en Kanadeeske soldaten dy't omkamen doe't har fleantúch delstoarte yn 'e Twadde Wrâldoarloch.

Neibesteanden en de ambassadeur fan Kanada wiene moandei by de seremoanje. De Halifax-bommewerper stoarte presys 61 jier lyn del. De fiif ynsittenden kamen om. Mar ien lichem is fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)