Monumint nei oar plak

30 maaie 2008 - 21:07

It monumint 'Vrijheidsvuur' fan de Fryske keunstner Hanshan Roebers krijt in plakje oan de Generaal Foulkesweg yn Wageningen. Dat is deunby it plak dêr't it keunstwurk oarspronklik komme soe, op it plein foar hotel De Wereld.

Tsjin dy lokaasje ûntstie trije jier lyn wjerstân. In soad minsken wiene net te sprekken oer it ûntwerp fan Roebers, dy't út Koudum komt. It monumint soe op in fallus lykje. It wurk hat al dy jierren op in werf lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)