Monumint Lutinekaap op Flylân stiet ferkeard

10 okt 2015 - 10:04

De Lutinekaap op Flylân stiet ferkeard. Dat is it monumint op it eilân dat de eksakte posysje fan it ferneamde goudskip oanjout, dat leit op de seeboaiem yn de Noardsee. Op Flylân moat it plak fan it skip yn ien rjochte line stean mei in oar navigaasjepunt, de 'Lutine Veldkaap'. Mar dat is net it gefal.

Wrakdûker Dirk Bruin fan Flylân kaam dêr by tafal achter, doe't hy âlde kaarten fergelike mei nije kaarten op Google Maps. It monumint stiet neffens syn berekkenings 182 meter te westlik.

It ferpleatsen fan it monumint sil dreech wurde, want de Lutinekaap stiet midden yn de dunen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)