Monumint foar net-doopte poppen

10 maaie 2003 - 00:00

Mei it ynseinjen fan in monumint op it Roomske begraafplak yn Ljouwert, is der einlings in plak foar de neibesteanden fan lytse poppen dy't net yn wijde grûn begroeven binne. Eartiids mochten de deaberne bern net begroeven wurde yn wijde grûn om't se net doopt wiene.

Earder waard in net-doopte poppe letterlik en figuerlik 'efter de hage' begroeven. Dat hat in soad âlden grut fertriet dien. Mei it monumint ha se dochs in plak om de bern te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)