Monumint foar Martijn Rosier

25 feb 2009 - 22:37

Der komt in monumint foar Martijn_Rosier, de militêr fan Sint Anne dy´t omkommen is yn Uruzgan. De 30-jierrige Martijn_Rosier waard yn Afganistan it slachtoffer fan in bermbom.

It monumint komt yn it gemeentehûs fan de gemeente It Bilt yn Sint_Anne. Troch de ynset fan it Yndië-komitee en mei stipe fan de gemeente kin dit mooglik makke wurde. Op 29 april sil it monumint ûntbleate wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)