Monumint foar Marianne Vaatstra

25 sep 2004 - 00:00

Op 'e Westerein is sneon is in monumint ûntbleate ta neitins oan Marianne Vaatstra. Dat gebeurde by in stille tocht foar alle slachtoffers fan sinleas geweld yn Nederlân. It wie sneon de lanlike dei tsjin sinleas geweld.

Famylje, freonen en kunde fan slachtoffers fan sinleas geweld rûnen mei twa lange doeken mei nammen de rûte nei it monumint. Ek waarden der wite ballonnen oplitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)