Monumint foar Marianne Vaatstra

28 aug 2004 - 00:00

Der komt in monumint foar Marianne Vaatstra op De Westerein. It sil 25 septimber ûntbleate wurde. Marianne Vaastra waard 5 jier lyn by Feankleaster op 16-jierrige leeftyd ferkrachte en fermoarde.

De ûntbleating fan it monumint makket diel út fan de lanlike dei tsjin sinleas geweld op 25 septimber. Dy is dit jier op De Westerein. De organisaasje leit by de Vereniging voor Veiligheid, Respect en Solidariteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)