Monumint foar joadske Lemsters

24 nov 2006 - 17:29

Oan de Markerstrjitte op de Lemmer is freed in monumint ûntbleate foar twa joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. It is in monumint foar broer en suster Jozef en Saartje Blok. Sy wiene de lêste joadske ynwenners fan de Lemmer foardat se yn 1942 ophelle waarden troch de Nederlânske plysje. Se binne oer Westerbork nei Auschwitz brocht en dêr fermoarde.

Ek it parkje dêr't it byld stiet is nei de broer en suster neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)