Monumint foar Anita Andriesen

15 okt 2010 - 17:57

Op 'e Seedyk by Swarte Haan stiet fan freed ôf in betinkingsmonumint foar de yn 2008 ferstoarne deputearre Anita Andriesen. Andriesen kaam graach op dat plak om út te waaien. It monumint, dat makke is troch arsjitekt Gunnar Daan bestiet út twa sitbanken, elk oan in kant fan de seedyk. Sa kinne je útsjen oer it Waad of oer it Biltske lânskip.

It inisjatyf foar it monumint komt ûnder oaren fan de gemeente It Bilt en stichting Bildtse Belangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)