Monumint Blesdike wer makke

28 jan 2010 - 07:32
  • It monumint dat fernield wie

It oarlochsmonumint yn Blesdike is wer makke. Yn it doarp stiet sûnt 2003 in monumint dat herrinnert oan kamp It Petgat. Dat wie yn 1942 in strafkamp foar Joadske twangarbeiders. Ferline simmer waard it monumint lykwols fernield. Fandalen skeaten mei in buks op de glêzen plaat dy't tusken twa betonnen peallen yn stiet.

De dieders binne net fûn, mar der is no wer in nije glêsplaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)