Monteurs stride om plakje by Formule 1-team fan Williams

12 okt 2015 - 09:20
  • Monteurs stride om in staazjeplak by Williams

It is miskien wol de dream fan eltse Formule 1-leafhawwer, staazje rinne by in Formule 1-team. Op De Jouwer is moandei in seleksjedei foar monteurs dy't staazje rinne wolle by it Fomule 1 team fan Williams. De dei wurdt organisearre troch Randstad om de technyktak fan it útstjoerburo te promoatsjen.

De Fryske winner moat op 27 oktober nei de lanlike finale op sirkwy Zandvoort en dan wurdt dúdlik wa't úteinlik staazjerinne mei by Williams yn de tarieding fan de Grand Prix fan Abu Dhabi.

De winner mei by de race fan 29 novimber lid fan it technyske team wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)