Monteur út Rie tredde op seleksjedei staazjeplak Formule 1

28 okt 2015 - 11:30
  • Winner Jorrit Groen giet troch nei de lanlike finale

Jorrit Groen fan Rie is tiisdei tredde wurden op in seleksjedei fan monteurs foar in staazjeplak by in Formule 1-team. De winst yn de lanlike finale op sirkwy Zandvoort gie nei in monteur út Súd-Hollân. Dy mei staazjerinne by it team fan Williams yn de tarieding fan de Grand Prix fan Abu Dhabi ein novimber.

De monteurs bûgden harren tiisdei oer in Formule 3-auto. Se moasten ûnder oaren de foartsjillen wikselje en in technyske steuring oplosse. De staazjedei waard organisearre troch útstjoerburo Randstad om de technyktak te promoatsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)