Monsterboard: "Tal fakatueres yn Fryslân naam ta yn 2015"

29 des 2015 - 12:20
  • Site fan Monsterboard

It oantal fakatueres yn Fryslân naam yn 2015 ta mei 5 prosint. Dat docht bliken út sifers fan Monsterboard.nl. Oer hiel Nederlân besjoen, wie de taname yn Seelân mei 34 prosint it grutst, wylst it oantal fakatueres yn Gelderlân gelyk bleau.

Wurkjouwers pleatsten de measte fakatueres yn de sektoaren IT, sales, finansjeel en technyk. Wurksykjenden sochten foaral nei administrative en sekretariële funksjes. Neffens Monsterboard.nl hâldt de taname fan fakatueres it kommende jier oan, om't de ekonomy groeit en der mear fraach is nei personiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)