Mongoalsk stel stelt babymolkepoeier

03 feb 2015 - 12:22
  • Molkpoeier wurdt goedkeaper, mar noch net yn de winkel....

In 32-jierrige man en in 31-jierrige frou út Mongoalië binne moandeitejûn oanhâlden neidat se yn in supermerk oan de Emmakade yn Ljouwert betrape waarden op it stellen fan babymolkepoeier. Meiwurkers fan de winkel warskôgen de plysje, doe't se seagen hoe't de frou pakken mei molkepoeier ferstoppe yn har bernewein.

De plysje koe it stel op it parkearplak fan de winkel oanhâlde. Yn de auto fûnen se hast tritich pakken babymolkepoeier, nei alle gedachten allegear stellen. De man en de frou sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)