Mondial nimt Sybesma oer

06 jan 2009 - 12:12

Mei yngong fan it nije jier hat Mondial Friesland Verhuizingen út Ljouwert it Harnzer ferhúsbedriuw Sybesma oernaam. Ek de ferhúsauto mei oplizzer, in ferhúslift en 80 opslachkisten binne oernaam.

Foar Mondial betsjut dit in bettere oansluting yn it westen fan Fryslân en in moaie útwreiding fan it wurk mei de 200 ferhuzings dy't Sybesma yn't jier docht. De namme Sybesma Verhuizingen bliuwt bestean, de identiteit en it karakter fan it bedriuw ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)