Monasch sprekt yn Kiev

14 des 2013 - 12:50
  • Monasch twittere in foto fan it publyk by de taspraak

Frysk Twadde-Keamerlid foar de PvdA Jacques Monasch hat sneontemoarn in taspraak hâlden op it Unôfhinklikheidsplein yn Kiev, de haadstêd fan Oekraïne. Al wiken stean minsken dêr op strjitte om te protestearjen tsjin it regear. Sy wolle dat dy ôftreedt en dat it lân tanadering siket ta de Europeeske Uny.

Jacques Monasch is yn Kiev as adviseur voor de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa (OVSE). Syn kollega's en freonen yn Kiev hiene him frege om de demonstranten in hert ûnder de riem te stekken.

Monasch fynt dat Oekraïne him net beynfloedzje litte moat troch Ruslân en syn eigen paad kieze moat. Syn taspraak wie yn it Ingelsk en troch in tolk yn it Oekraynsk oerset. Neffens Monasch waard syn ferhaal entûsjast ûntfongen troch it publyk. Mar hy fynt wol dat de sfear op it plein hieltyd grimitiger wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)