Monasch sil Cohen helpe

06 okt 2011 - 14:31
  • Jacques Monasch (foto: Omrop Fryslân)

It Snitser Twadde Keamerlid Jaques Monasch fan de PvdA sil it team om partijleider Job Cohen hinne fersterkje. Monasch en syn kollega- Keamerlid Sharon Dijksma moatte derfoar soargje dat Cohen him mear polityk profilearret. De lêste tiid wurdt yn de PvdA faak praat oer de posysje fan Cohen. Hy soe de stânpunten fan de partij net goed útdrage. Monasch soarget yn de Keamer foar politike diskusje. Dêrom is er frege Cohen te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)