Molukkenmonumint ûntbleate

26 apr 2011 - 16:41
  • Foto: Omrop Fryslân

Op inisjatyf fan it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân is tiisdei by Sint Jânsgea in monumint ûntbleate op de eardere lokaasje fan it kamp De Wite Peal.

De Wite Peal waard it earste thús yn Nederlân foar Molukkers. Ald-bewenners wiene by de offisjele plechtichheid. Neffens de wurkgroep fan amateur-histoarisy is it plak wichtich yn de regionale skiednis. Foardat de Molukkers dêr kamen, binne yn it kamp arbeiders en joaden ûnderbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)