Mollema twadde yn Switserlân

16 jun 2013 - 19:19
  • Bauke Mollema

Bauke Mollema is yn it einklassemint fan de Ronde fan Switserlân as twadde einige. Yn de ôfslutende klimtiidrit waard de ynwenner fan Ljouwert tredde. De tiidrit oer krapoan 27 kilometer waard wûn troch de Portugees Rui Costa. De Est Tanel Kangert waard twadde op 21 tellen, Mollema wie 29 sekonden stadiger. Troch de tiidritwinst klom Costa nei it earste plak yn de einstân en Mollema nei it twadde. It wie foar Rui Costa de twadde winst op rige fan dizze wedstriid dy't sjoen wurdt as in belangrike tarieding op de Ronde fan Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)