Mollema sechsde yn Luik

22 apr 2012 - 17:45
  • Bauke Mollema

Hurdfytser Bauke Mollema, wenjend yn Ljouwert, is snein sechsde wurden by de 98e edysje fan Luik-Bastenaken-Luik. Mollema kaam nei goed 257 kilometer yn in tiid fan 6.44.28 oer de streek en wie dêrmei de bêste Nederlanner. By de Amstel Goldrace wie de Raborenner mei in 10e plak ek al de rapste Nederlanner.

De winst gong nei de Kazach Maxim Iglinsky, dy't de titel oernimt fan Philippe Gilbert. De Italiaan Vincenzo Nibali waard twadde. Syn lângenoat Enrico Gasparotto sprinte nei it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)