Mollema kopman Belkin yn Tour

25 jun 2014 - 11:39
  • Bauke Mollema

Bauke Mollema is kopman foar syn Belkin-ploech yn de Tour de France. De grutste hurdfytswedstriid begjint 5 july. Belkin hat hege ferwachtings fan de ploech en hopet in op goede prestaasje lykas ferline jier. Doe waard de Ljouwerter sechsde en Laurens ten Dam einige as trettjinde yn it klassemint.

Bauke Mollema is sels ek ambisjeus. Hy wol it goed dwaan yn it klassemint, mar wol ek in etappe winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)