Mollema bliuwt 2e yn de Tour

14 jul 2013 - 16:53
  • Bauke Mollema

Bauke Mollema fan Ljouwert is der snein yn de 15e etappe fan de Tour de France yn slagge om syn twadde plak yn it klassemint te behâlden. Yn de swiere berchtetappe oer goed 242 kilometer fan Givors nei de Mont Ventoux kaam Mollema as achtste oer de einstreek, op 1 minút en 46 tellen efterstân op winner en giele trui drager Chris Froome. Yn it klassemint giet Froome noch altyd oan de lieding, folge troch Mollema op dik 4 minuten. De Spanjert Alberto Contador stiet 11 sekonden achter Mollema op plak trije.

Omrop Fryslân ferslachjouwer Roelof de Vries en kameraman Dirk Klaver reizgje ôf nei Frankryk om de lêste wike fan Bauke Mollema en Lieuwe Westra te folgjen. Ferslach dêrfan is te folgjen op Omrop Fryslân radio en televyzje en fia ús webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)