Mollema bliuwt 2e yn de Tour

13 jul 2013 - 17:05
  • Bauke Mollema Belkin

Bauke Mollema stiet ek nei de 14e etappe noch twadde yn it algemien klassemint fan de Tour de France. Yn de etappe nei Lyon oer 191 kilometer kaam Mollema net yn de problemen. Hy finishte yn it grutte peloton. De rit waard wûn troch de Italiaan Matteo Trentin. Snein is de swiere berchetappe nei de Mont Ventoux. Bauke Mollema hat 2 minuten en 28 sekonden achterstân op giele trui drager Chris Froome. Foar Mollema is it de earste kear dat hy de Mont Ventoux beklimme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)