Mollema alfde by WK hurdfytsen

29 sep 2013 - 18:11
  • Bauke Mollema

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is snein alfde wurden by it WK hurdfytsen yn it Italiaanske Florence. De Ljouwerter kaam op 34 tellen efter de winnaar Rui Costa oer de einstreek. Yn de einsprint nei 272 kilometer fersloech de Portugees Rui Costa op de einstreek de Spanjaard Joaquim Rodriguez.

Alejandro Valverde pakte it brûns. Pieter Weening fan De Harkema hie syn krûd yn de lêste ronde fersketten en einige úteinlik as 25e. Syn efterstân op Rui Costa wie 1 minút en 44 tellen. It WK waard teistere troch rein en tonger.

Weening en Mollema wienen de iennige Nederlanners dy't de einstreek hellen. De swiere waarsomstannichheden soargen derfoar dat in soad hurdfytsers earder al ôfstapten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)