Mollema 2e yn Ronde fan Murcia

23 feb 2013 - 17:03
  • Bauke Mollema

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is sneon twadde wurden yn de Ronde fan Murcia. De rider fan it Blanco Pro Cycling Team seach de Spanjaard Daniel Navarro nei goed 182 kilometer as earste oer de einstreek gean. Yn de lêste kilometer fan de slotklim ûntsnapte Navarro út de kopgroep. Yn de massasprint wist Mollema syn tsjil as twadde oer de finish te krijen. Alejandro Valverde waard treddde.

Mollema liet de ôfrûne wike al sjen dat er yn goede foarm stekt. Yn de etappekoers Ruta del Sol einige de Ljouwerter as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)