"Molkfabryk moat sloopt wurde"

28 nov 2005 - 16:50

It âld molkfabryk yn De Pein moat sa gau mooglik sloopt wurde. Dat fynt doarpsbelang De Pein. By in brân sneintenacht rûn it fabryk skea op oan de binnenkant en oan it dak.

Omdat der al faker brân west hat, moat der wurk makke wurde fan de sloop, seit doarpsbelang. De fergunning is der al, mar eigner Wenningbouferiening Smellingerlân wol net earder slope as at de fergunning rûn is foar de hûzen dy't der foar yn it plak komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)