Molkfabryk klear foar takomst

18 jun 2013 - 19:18
  • Friesland Campina

It kondinsfabryk yn Ljouwert is klear foar nochris 100 jier. Dat seit de lokaasjedirekteur Langhout mei it 100-jierrich jubileum. Der wurdt jierliks 1 miljard liter molke ferwurke en dat is 9 % fan it totaal fan alle molke dy't binnenkomt by FrieslandCampina. Dêrmei is de rol fan it eardere Friesche Vlag noch altyd grut. De kommende tiid sil der foar miljoenen ynvesteard wurde sadat de kapasiteit nei 1,4 miljard liter yn it jier giet.

Neffens de direkteur is der fanút de hiele wrâld grutte fraach nei goeie Nederlânske molke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)