Molke yn rioel Skylge

19 apr 2004 - 00:00

Skylge en Wetterskip Fryslân kontrolearje ekstra op it eilân. Ein maart waard ûntdutsen dat der yllegaal molke loasd wurdt. De molke siet yn it rioel. Dat is ferbean om't de suvering dat net oan kin. Mooglik moat it smoarge wetter nei de fêste wâl brocht wurde om dêr fierder suvere te wurden.

De ekstra kontrôles moatte útwize wa't ferantwurdlik is foar de loazings. It wetterskip mei boetes oplizze oan oertreders fan it ferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)