Molke wurdt wer ophelle

01 jun 2008 - 09:16

Friesland_Foods hellet sûnt sneontenacht wer molke op. It suvelkonsern wie dêrmei ophâlden fanwege de blokkade fan in tal fan syn fabriken troch lulke boeren. Dy wolle in hegere priis barre foar de molke.

Friesland_Foods koe fanwege de blokkades de ophelle molke net mear kwyt. It suvelkonsern besleat dêrom sneontemiddei gjin molke mear yn te sammeljen. Omdat de boeren sneontejûn har blokkades fuorthellen koe dy maatregel ynlutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)