Molke fergees yn Nij Beets

25 feb 2004 - 00:00

Boer Minze Vries fan Nij Beets docht sûnt ôfrûne wykein syn molke fergees de doar út. Mei in buordsje yn 'e tún noeget er de leafhawwers fan boeremolke út om in pear liter op te heljen. It fergees fuortjaan fan de molke is foar in part in aksje tsjin de lege molkeprizen by de supermerken.

Oan de oare kant giet it hjir om molke dêr't De Vries neat mear mei kin. Hy sit boppe syn kwotum en ekstra kwotum lease is op it stuit te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)