Mûnewykein wer fan start

10 maaie 2014 - 13:52
  • De Puollen by Dronryp

Hûndert mûnen yn Fryslân dogge dit wykein mei oan de nasjonale mûnedei. Sawol sneon as snein kinne belangstellenden de hiele dei de mûnen besjen. It is dit jier foar de 42e kear dat de mûnedei organisseare wurdt. De mûnedei rjochtet him dit jier spesjaal op de jongerein. It tema is: "Ontdek je molen".

Guon mûnen keppelje bysûndere aksjes oan it mûnewykein. Sa wurdt der by mûne De Puollen yn Dronryp omtinken frege foar greidefûgels troch spesjale mûneseilen yn de wjukken op te hingjen. Ek sil dy mûne dit wykein goed tritich oeren draaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)