'Molenplein moat trochgean'

04 jul 2013 - 11:08
  • It Molenplein op It Hearrenfean
  • It Moleplein op It Hearrenfean

Trije fraksjes yn de gemeenteried fan Hearrenfean wolle de plannen foar de ûntwikkeling fan it Molenplein op it Hearrenfean trochsette. Op dat plak moatte winkels, apparteminten en in parkeargaraazje komme, mar fanwege grutte finansjele tekoarten by de gemeente liket dat der foarearst net yn te sitten.

VVD, PvdA en CDA jouwe oan dat se begryp hawwe foar de drege finansjele situaasje by de gemeente, mar sizze ek dat se der yn slagge binne om finansjele dekking te finen.

De gemeenteried fan Hearrenfean praat tongersdei oer de besunigings dy't nedich binne om de finansjele tekoarten fuort te wurkjen. Undernimmersferiening HOV fan It Hearrenfean hat oanjûn dat wat harren oangiet it parkeartaryf wol mei in stoer omheech mei. Op jierbasis smyt dat ûngefear 100.000 euro op. Dêrmei kin de helte fan it fuortfallen fan de parkearynkomsten fan it Molenplein wer kominsearre wurde. VVD, PvdA en CDA fine it trochgean fan it Molepleinplan needsaaklik om it sintrum fan It Hearrenfean te fersterkjen. Boppedat binne der ek al ôfspraken oer makke mei in partikulier bedriuw dat hjir graach ynvestearje wol. De gemeente kin it eins net meitsje om op dy ôfspraken werom te kommen, fine de riedsfraksjes fan VVD, PvdA en CDA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)