Molenplein It Fean oer de kop

09 feb 2011 - 12:39

It Molenplein op It Hearrenfean giet oer de kop. Op it parkearplak komme twa supermerken en twa ferdjippingen mei parkearplakken. De besteande supermerk fan Super de Boer dy't no oan it plein stiet ferdwynt. Tagelyk wurde de wenningen oan de Van Dekemaleanne sloopt. Dêr komt nijbou.

Der hawwe al faker grutte plannen west foar it opknappen fan it plein, mar dy binne troch besunigings mear en mear útklaaid. De ferwachting is dat dit plan no ek echt útfierd wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)