Mole De Mearmin nei De Sûkerei

13 jan 2013 - 16:50
  • Sûkerei

Allinnich tastimming fan de Ryks Monumintetsjinst liket de ferpleatsing fan mole De Mearmin nei iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld noch yn 't paad te stean. Dat befêstiget foarsitter Oege Jan Leegstra fan De Sûkerei. De mole is fertutearze en stiet ûnder Dokkum oan de Geastmermar. Op dat plak krijt de mole gjin wyn, dus is elkenien lokaal it der wol oer iens dat de mole nei it terrein fan De Sûkerei moat om dêr mear besikers te lûken. Foar de ferpleatsing moat De Mearmin earst restaurearre wurde yn Sâltkamp.

Ynklusyf de ferhuzing kostet alles al gau in 750.000 euro mar neffens Leegstra komt dat wol klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)