Mol beneamd ta heechlearaar

04 jun 2003 - 00:00

Fryske Akademy-meiwurker Hans Mol (48) is beneamd ta bysûnder heechlearaar oan de universiteit fan Leiden. Hy wurdt heechlearaar yn de Skiednis fan de Fryske lannen yn de Midsieuwen.

Mol bliuwt ek haad fan de fakgroep Skiednis, Letterkunde en Nammekunde fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy is spesjalist op it mêd fan skiednis fan de Midsieuwske kleasters en ridderoarders en fan de Fryske delsettingsskiednis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)