Mokselsiedfangst oan bannen lein

16 maaie 2006 - 18:45

De mokselfiskers meie foarearst mar 100.000 ton mokselsied út de Waadsee helje. Dat hat de Raad van State moandei bepaald. It ministearje fan LNV hie tastimming jûn foar 150.000 ton. Fiif natuerbeskermers, wêrûnder de Waadferiening, hiene de Raad van State frege de fergunning yn te lûken.

De natuerorganisaasjes fine dat de minister te min rekken holden hat mei de effekten fan de fiskerij foar natuer en miljeu yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)