Mokselfiskerij moat bliuwe

11 mrt 2008 - 22:58
  • Der moat op it Waad romte bliuwe foar mokselfiskerij.

Der moat op it Waad romte bliuwe foar mokselfiskerij. Dat wol de Twadde Keamer. In ûndersyk nei de gefolgen foar de natoer moat earder dien wêze, sadat der oar jier wer fiske wurde kin.

De Raad van State sette koartlyn in streek troch de fergunnings foar mokselfiskerij, omdat net oan te toanen is dat de natoer gjin skea oprint. Dit jier sil dêr troch gjin mokselfiskerij mooglik wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)