Mokselfergunning wie terjochte

24 des 2008 - 11:16

Mokselfiskers ha terjochte in fergunning krigen foar it opfiskjen fan saneamde 'halfwas'-moksels yn de Waadsee. It ministearje fan Lânbou, Natuerbehear en Foedselkwaliteit hie de fiskers yn 2006 tastimming jûn om de moksels op te fiskjen. De Fûgelbeskerming en de Waadferiening hienen dêr beswier tsjin makke.

Neffens de organisaasjes soenen de fiskers de natuer tefolle skea oanbringe, mar neffens de Raad van State is dêr gjin sprake fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)