Mokselbanken lêst fan stoarm

06 nov 2013 - 10:13
  • In mokselbank op de Waadsee

De swiere stoarm fan goed in wike lyn hat ek foar in soad skea soarge op It Waad. Foaral de moskelperselen binne bot troffen. Dat docht bliken út in ynspeksje fan meiwurkers fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Guon perselen binne yn in pear oeren tiid hielendal leechwaaid. Sûnt 1990 hat de moskelfiskerij net sa bot te lijen han fan it waar. De groei fan de moksels kaam let op gong dit jier en se hiene har noch net taret op de winterstân. Dêrtroch koene se gau fuortspiele. Ek op droechfallende mokselbanken wurdt in soad skea ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)