Môge bedriget Planetarium

01 feb 2003 - 00:00

It Planetarium yn Frjentsjer wurdt bedrige troch de houtwjirm. It ieuwenâlde hûs en it model foar it sinnestelsel yn 'e souder binne foar it grutste part fan hout makke. Der wurdt geregeld kontrolearre op môge.

De situaasje is no sa slim dat bestriding fan it ynsekt needsaaklik is. It Eise Eisingamuseum is ticht fan 17 oant en mei 20 febrewaris. Dêrnei hopet it wer in skoft foarút te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)