"Moeras as buffer foar wetteroerlêst is ramp foar klimaat"

24 feb 2016 - 15:11

It oanlizzen fan moerassen as in natuerlike buffer foar de opfang fan wetteroerlêst is in ramp foar it klimaat. Dat seit âld-ierdrykskundelearaar en klimaatdeskundige Tjalling Jonkhof fan Appelskea.

Neffens Jonkman wol de oerheid mei moerasfoarming werom nei de oarspronklike fegetaasje fan in gebiet, mar wurdt troch de ûntwikkeling fan metaangassen de oazonlaach dan krekt oantaast. De oerheid soe dizze trend yn it lânskipsbehear dêrom sa gau mooglik skrasse moatte.

Heger seenivo 

Tjalling Jonkhof wie tusken 1995 en 2010 geregeld op de lanlike telefyzje omdat hy berekkene hie dat it seenivo úteinlik mei seis oant sân meter tanimme kin, wêrtroch't grutte dielen fan ús lân oerstreamd wurde sille.

Amerikaanske wittenskippers makken woansdei bekend dat it seenivo de lêste jierren leafst mei 14 sintimeter tanaam is. Dat is sawat 10 sintimeter mear as earder berekkene wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)