Moderne wynmûnen foar Ljouwert

03 mrt 2014 - 19:21
  • It fundamint foar de nije mûne

Ljouwert kriget twa 66 meter hege, hypermoderne wynmûnen. Se komme te stean op yndustryterrein Newtonpark. De mûnen kinne gewoan trochdraaie mei in orkaan. Se stean al op it eilân Bonaire. It is no foar it earst dat se yn Nederlân pleatst wurde.

De beide mûnen kinne 1150 húshâldens fan stroom foarsjen. It giet om in inisjatyf fan WIL (Wind In Leeuwarden), dat bestiet út trije ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)