Modelspoor Museum iepene

30 jan 2005 - 14:36

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits is sneontemoarn offisjeel iepene troch kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels. Hy kaam dêrfoar mei de stoomtrein fanút Ljouwert nei Snits. Yn it museum stiet de grutste kolleksje modeltreinen fan Europa.

In klassike stoomtrein makke sneontemiddei noch seis ritten troch de Súdwesthoeke. De kaartsjes dêrfoar wiene binnen in heal oere folslein útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)