Modelspoardagen yn Drachten

30 mrt 2008 - 15:40

Treintsjeleafhawwers koene dit wykein har hert ophelje by de lanlike modelspoardagen yn Drachten. Leden fan de 'Modelspoorclub Noord-Nederland' hiene in baan útset mei alles wat by in modelspoar heart.

De folgende saken wiene te sjen: stasjons, beamkes, huzen, auto's en fansels in soad treintsjes. Der kamen hiele jonge likegoed as wat âldere hobbyisten op de modelspoardagen ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)